Proses-ferbaal 16 frachtweinen

20 apr 2012 - 10:02

De plysje hat tongersdei sechstjin frachtweinsjauffeurs in proses-ferbaal jûn, omdat se de saken net op oarder hiene. By Surch waarden by in kontrôle 26 frachtweinen oan de kant set. Se wiene te lang of te breed, wiene oerbeladen, hiene gjin eurofinjet of gjin keurde tachograaf.

Foar lytsere oertrêdings joech de plysje allinnich in warskôging. Dat diene se fanwege de aksjes foar in bettere CAO.

Trefwurden: 
proses-ferbaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)