Minne start Aris yn play-offs

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Lasaulec Aris hawwe tongersdeitejûn de earste wedstryd fan de play-offs mei 92-71 ferlern fan EiffelTowers út Den Bosch. Nei it earste kwart gie it noch ridlik gelyk op, mar by it skoft wie it al 43-28. Nei rêst rûn EiffelTowers út nei in foarsprong fan twintich punten. Lasaulec Aris probearre it gat noch wol lytser te meitsjen mar dat slagge net mear. Tiisdei spylje de Ljouwerters thús tsjin ZZ Leiden.