15.000 euro foar Unicef

Stichting Kinderopvang Friesland hat 15.000 euro ynsammele foar Unicef. De sjek mei it bedrach dêrop is tongersdei oerlange oan kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân en foarsitter fan Unicef yn Nederlân, John Jorritsma.
Yn it ramt fan Kinderen voor Kinderen is dizze moanne troch Kinderopvang Friesland stilstien by it wurk fan Unicef. Mei help fan fancyfairs, merken, in ballonwedstriid en tal fan oare aktiviteiten is it jild ynsammele.