Fuotbalfjilden Achtkarspelen ûnbespylber, CDA stelt fragen

08 feb 2016 - 10:56

It CDA yn de gemeente Achtkarspelen makket him soargen oer de tastân fan de sportfjilden. Neffens de partij is it min steld mei de trainingsfjilden fan de ferskate fuotbalferieningen. Troch it wiete waar kin dêrtroch al moannen net goed traind wurde.

De Christendemokraten wolle fan it kolleezje witte oft de situaasje by har bekend is, wa't der ferantwurdlik foar is en wat der oan dien wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)