Grutte opkomst by staking foar nije metaal-CAO

08 feb 2016 - 10:15

Sa'n 1.500 minsken fiere moandei aksje yn it Grinslanner Mearum foar in nije CAO. Yn totaal 24 bussen mei aksjefierders binne byinoar kaam yn diskoteek De Kruisweg. It binne wurknimmers fan 50 metaalbedriuwen yn Noard-Nederlân.

Der wurdt al njoggen moanne ûnderhannele oer in nije CAO, mar de bûnen en wurkjouwers komme der noch net út. Ynset is in heger lean en mear sizzenskip oer eigen wurktiden.

Woansdei is der wer in oerlis. De aksjefierders hoopje mei dizze dei de druk op de wurkjouwers fierder op te fieren.

Trefwurden: 
staking metaal Mearum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)