Bulte sân foar kust Aldemardum

19 apr 2012 - 21:53

Nei Warkum komt no ek by Aldemardum in sântonge foar de kust fan de Iselmar te lizzen. Dizze bult sân moat de kust beskermje tsjin heech wetter. It giet om in proef. Undersyksburo Arcadis wol besjen oft dit in goed alternatyf is foar it ferheegjen fan diken. By Aldemardum komt in bult sân fan 700 meter lang te lizzen. Dizze tonge moat der foar soargje dat eventuele hege golven earder brekke en sa de kust net berikke.

De bulte sân wurdt krekt foar de simmerfakânsje oanlein en bliuwt yn alle gefallen twa jier lizzen foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Iselmar sân diken Arcadis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)