Van der Valk komt nei Ljouwert

19 apr 2012 - 21:00

Der komt in Van der Valk-hotel yn Ljouwert. Nei Wolvegea, Snits, Drachten en Hurdegaryp is it de fiifde festiging fan de keten yn Fryslân. It hotel komt yn de Ljouwerter wyk De Súdlannen, oan de Werpsterhoeke op de hoeke fan de A32 en de Wâldwei. De komst fan it hotel jout in soad wurkgelegenheid. Yn it hotel kinne aanst mear as 160 Friezen oan it wurk, mar ek de bou sels moat Fryslân wurkgelegenheid opsmite. De keten wol dat it hotel boud en ûnderhâlden wurdt troch bedriuwen út de regio.

Oer twa jier moat de bou begjinne. Yn 2015 of 2016 moat it hotel der stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)