NHL wint prizen yn New York

19 apr 2012 - 20:39

Studinten fan de NHL hegeskoalle yn Ljouwert binne dizze wike yn New York op de saneamde Play Expo yn de prizen fallen mei twa games. De game 'Planetary' wûn yn de kategory foarmjouwing en de game 'Horus' wie de winner yn de kategory programmearjen. De Play Expo hat as doel talinten fan studinten en partikulieren op it mêd fan game-ûntwikkeling by Amerikaanske bedriuwen ûnder de oandacht te bringen.

By 'Planetary' giet it om in spultsje dêr't de gamer fan in tryst lânskip wer in moaie wrâld meitsje moat en 'Horus' is basearre op in ferhaal út de Egyptyske mytology.

Trefwurden: 
game NHL studinten Play Expo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)