CNV soarchlik oer Noppert

It fakbûn CNV makket him bot soargen oer de meiwurkers fan boubedriuw Noppert op It Hearrenfean. By it bedriuw wurkje in soad 50-plussers. It CNV is benaud dat dizze minsken dreech in nije baan fine kinne. It wurk yn de bou nimt bot ôf fanwege de krisis yn de brânzje. Tongersdei waard bekend dat it boubedriuw definityf fallyt is. Dêrmei stean alle 120 minsken, dy't by Noppert wurkje, op strjitte.
Ien tak fan it bedriuw wurdt mooglik oernommen. Dus in part fan de meiwurkers soe ynkoarten wer oan it wurk kinne, mar dat is noch net wis. It CNV sil takom wike om tafel mei de kurator fan Noppert om te sjen wat it noch betsjutte kin foar de meiwurkers.