Benefytkonsert Better As

19 apr 2012 - 19:36

Takom wike freed sil it boargerinisjatyf Better As de hantekenaksje ôfslute mei in benefytkonsert yn De Westereen. Dan hoopje de inisjatyfnimmers de 1500 hantekens binnen te hawwen dy't nedich binne om de oanlis fan de Sintrale As wer op de aginda fan provinsjale steaten te krijen.

Better As is in inisjatyf fan fiif âld-steateleden. Se binne it net iens mei de oanlis fan de dyk sa't dy no útfierd wurdt. It kin neffens harren ienfâldiger en dêrtroch foar minder jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)