FNP wol balâns yn hierwenten

19 apr 2012 - 18:41

Ynwenners fan lytse kearnen en stedswiken yn Súdwest-Fryslân fine dat wenningkorporaasjes op it stuit fierstente folle sosjale hierhuzen ferkeapje. Dat docht bliken út ûndersyk dat de FNP dien hat. Neffens it ûndersyk wurdt sa de huzemerk, de leefberens en de natuerlike trochstreaming yn doarpen en wiken ûntregele.

Sa wurdt neffens de FNP it sluten fan skoallen, doarpshuzen en tsjerken yn de hân wurke en komt bygelyks it ferieningslibben ûnder druk te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)