Noppert bou definityf fallyt

19 apr 2012 - 16:45

Boubedriuw Noppert op It Hearrenfean is definityf fallyt. Dat ha de 120 meiwurkers tongersdei yn in gearkomste mei de kurator te hearren krigen. Allinnich foar it bedriuwsunderdiel Tilt-Up Systemen, dat prefab eleminten makket sa as flierren en gevels, bestiet kâns op in trochstart. By de kurator hawwe har dêrfoar trije gadingmakkers melden. Mooglik soene 30 meiwurkers fan dat bedriuwsûnderdiel mei oer kinne. De meiwurkers krije freed te hearren at se moandei noch tydlik oan it wurk kinne om projekten ôf te meitsjen.

Tiisdei waard al surseânse fan betelling oanfrege, mar de kurator seit dat de skulden sa heech binne dat it bedriuw net mear rêden wurde kin. De skulden fan Noppert wurde rûsd op 10 miljoen euro en mooglik komt dêr noch mear by.

Trefwurden: 
fallyt kurator Noppert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)