Wichtige ynformaasje skipswrak

19 apr 2012 - 16:28

It skipswrak dat fan 'e wike foar de kust fan Starum oantroffen is, kin belangrike feiten nei boppen bringe oer de maritime en hannelskiednis fan Fryslân yn de 16 ieu. Archeologen fan de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod binne tongersdei begûn mei in ûndersyk nei de restanten fan it skip.

In team fan tsien dûkers siket dizze dagen op de boaiem fan de Iselmar nei restanten fan it skipswrak. It skip sels wurdt net boppe wetter helle. Dat soe te djoer wêze. Stikken hout út de romp fan it skip wurde wol boppe helle en ûndersocht.

Oan 'e hân fan de stikken hout kin in situaasjekaart fan it skip makke wurde. It skip fergie yn de 16e ieu by Starum.

Trefwurden: 
Starum skipswrak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)