ZuidOostZorg 3x nominearre

© www.zuidoostzorg.nl
It soarchbedriuw ZuidOostZorg is trije kear nominearre yn de lanlike list foar de Gastfrijens-Award 2012. Yn de kategory ferpleging en fersoarging binne de lokaasjes De Miente op De Gordyk en De Wiken yn Drachten kandidaat steld. Yn de kategory lytsskalich wenjen is de lokaasje Voltawerk op De Gordyk nominearre.
De winners wurde begjin juny bekendmakke op in lanlik kongres gastfrijenssoarch.