"Fallite Beintema liicht"

19 apr 2012 - 15:31

In groep skuldeaskers fan de fallyt ferklearre miljonêr Wim Beintema steurt him oan útlittings fan de Dokkumer dat sy syn saak bewust kapot meitsje wolle. It giet om in groep dy't meiwurke hat oan it opsetten fan tintefeesten yn Dokkum.
Sa die it bedriuw Young and Leasure de organisaasje fan Beintema syn eveneminten.

Leveransiers dy't foar bygelyks stekken, tinten of húskeweinen soargen, hawwe ek krityk. Beintema soe pertininte leugens ferkeapje. Hy hat nea kontakt mei harren opnaam oer de skuldsaak.

Trefwurden: 
Wim Beintema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)