Dei fan de Dútske Taal

Middelbere skoalle Magister Alvinus yn Snits docht mei oan de lanlike Dei fan de Dútske Taal. Dy wurdt tongersdei rûnom yn Nederlân hâlden. Troch te min kennis fan it Dútsk lit it Nederlânske bedriuwslibben in soad jild lizze. Om wat oan dy weromrinnende kennis fan it Dútsk te dwaan wurdt tongersdei de Mach mit-dei hâlden (Doch mei).
Yn Snits meitsje Havo-3-learlingen it Dútske gerjocht Geschnetzeltes klear, wat kwa útspraak wol wat liket op Snits. De hope is dat troch de aksjedei mear learlingen Dútsk as eksamenfak kieze.
It selsmakke Geschneltzeltes foel der goed yn by de Havo-3 learlingen, mar fan de learlingen fan de earste groep is der net ien fan doel om Dútsk as eksamenfak te kiezen. RSG Magister Alvinus hat in Havo-4 klas Dútsk mei mar 16 learlingen. Dosint Koos Nederhoed soe dat oantal graach in bytsje fergrutsje wolle.