Cambuur wol fyfde bliuwe

19 apr 2012 - 12:38

Cambuur hat de doelstelling foar dit seizoen bysteld. De Ljouwerters wolle it fyfde plak fêsthâlde. Ferline wike pleatste Cambuur him nei de oerwinning op Helmond Sport definityf foar de neikompetysje. Mei noch twa wedstriden te gean stean de Ljouwerters no op it fyfde plak. Freed spilet Cambuur de útwedstriid tsjin MVV yn Maastricht. Leon Hese begjint nei alle gedachten yn de basis. Jonathan Vosselman is blesseard. Op syn plak spilet Lucas Bijker. Marco van der Heide is noch in twifel gefal. Hy hat lêst fan in rêch- en ljiskblessuere.

Erik Bakker is wer werom by de seleksje, nei in lange blessuereperioade. Oguzhan Türk is noch altyd blesseard, lykas Sandor van der Heide, Mark de Vries en Melvin de Leeuw. Robert van Boxel is skorst. As Cambuur freed in goal makket yn Maastricht, dan is dat de tûzenste goal fan de Ljouwerters yn in útwedstriid yn kompetysjeferbân.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)