Krityk op direksje DVC

19 apr 2012 - 12:05

De direksje fan it Dokkumer flaggefabryk DVC leit stevich ûnder fjoer fan de fakbûnen en it eigen persoaniel. It betrouwen is oan it friespunt ta sakke, sizze se.

Fanwege de ekonomysk minne tiden is der op it stuit in reorganisaasje by it bedriuw. Dat sil nei alle gedachten mear as tsien minsken harren baan kostje. Earder waarden ek alris achttjin banen skrast by it fabryk. Krityk soe troch de direksje net tastien wurde. Se hâlde der boppedat 19e ieuske maatregels op nei, seit fakbûnsbestjoerder Jacob Plat fan FNV Bondgenoten.

Trefwurden: 
DVC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)