Fyftjin airbags stellen

19 apr 2012 - 10:05

Op It Hearrenfean binne fyftjin airbags stellen. Dat barde yn de nacht fan tiisdei op woansdei. De airbags sieten yn auto's dy't op it terrein stiene fan in garaazjebedriuw oan de Kattebos op it Hearrenfean.

De eigener hat oanjefte dien by de plysje. Dy sil de saak no fierder ûndersykje.

(advertinsje)
(advertinsje)