Fytser slim ferwûne by ûngelok

19 apr 2012 - 08:30

By in ferkearûngelok yn it sintrum fan Ljouwert is tongersdeitemoarn in fytser swier ferwûne rekke. De 60-jierrige Ljouwerter waard op de Stasjonswei oanriden troch in frachtwein. De fytser soe de dyk oerstekke, mar hat de frachtwein nei alle gedachten net oankommen sjoen.

Personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter ferlienden op it plak fan it ûngelok earste help. Dêrnei is de man mei de helikopter nei it sikehûs fan Grins brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Stasjonswei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)