Lieuwe Westra rap yn Lúnbert

18 apr 2012 - 22:15

Lieuwe Westra wie bliid dat er woansdeitejûn syn spesjalisme wer ris yn de praktyk bringe koe: hiel hurd fytse yn in tiidrit. De organisearjende hurdfytsferiening Snits wie tige wiis mei de dielname fan de hurdfytsprof fan De Tynje.

Westra gong as in raket oer it 14 kilometer lange parkoers yn de omkriten fan Lúnbert. Hy ried 51,20 kilometer de oere. Snein komt er yn aksje yn Luik-Bastenaken-Luik, dêrnei yn de Ronde fan Romandië.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)