Westertsjerke Ljouwert as nij

De Westertsjerke yn Ljouwert is de ôfrûne tiid bûtenom hielendal opknapt. Freed wurdt it wurk mei in feestlike byienkomst oplevere. De Westertsjerke is 500 jier âld en is in ryksmonumint. It is ien fan de lêste tsjerken út de midsieuwen dy't noch mei kleastermoppen boud is.
De gevel en de draachkonstruksje wiene troch focht bot oantaast, mar dat is no wer hielendal renovearre. It stúkwurk is ferfongen en de draachkonstruksje is oanpakt. Boppedat binne de goaten makke en is bûtenom ferve. De restauraasje koste 4 euroton.