Lindecollege nei New York

Tsien learlingen út 2 havo fan it Lindekolleezje út Wolvegea hawwe de haadpriis wûn yn in ûntwerpwedstriid foar de stêd fan de takomst. De wedstriid wie organisearre troch Arcadis en de Heidemij. De priis is in reiske nei New York yn maaie. De wedstriid hold yn dat se in ûnderdiel fan de stêd fan de takomst - it saneamde Art-cadia - betinke moasten.
De learlingen fan it Lindekolleezje hiene ideeën oandroegen foar it brûken fan sinnepanielen en it omsetten fan sâlt nei swiet wetter.
De útslach waard woansdei bekend makke yn Eindhoven, dêr't alle dielnimmers harren projekt presintearje moasten.