Kollum: "Dat ferrekte FC Grins sjaaltsje"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Binne jo ek fanatyk karnavalfierder? Ik oant twa wike lyn eins hielendal net, mar sûnt ik by in dweilorkest toeterje, bin ik al twa wykeinen efter inoar folop oan it karnavallen. Dast dêrfoar hielendal net nei it suden hoechst, ûntduts ik juster. Yn it meast noardlike puntsje fan Nederlân witte se nammentlik ék hiel goed hoe’st feest fiere moast. Justermiddei ha ik karnaval fiert yn it Grinzer Kloosterburen.
Mei wynkrêft acht op de teller stiene wy mei ús toeterke foar de snufferd te blazen yn it boppeste doarpke fan Grinslân. As it earne hurd waait, dan is it dêr wol. No wie’k sa ferstannich west om al myn termoklean oer inoar oan te lûken. Trije truien, in dûbele broek en sels twa pear sokken. Mar al hoe waarm at ik my ek oanklaaid hie, nei in oerke blazen, stie’k al wer te triljen as in keale chihuahua mei Parkinson.
Wylst ik blaubekjend nei de optocht koekeloerde, foel my de mûle iepen doe’t ik rjocht foar my in frou seach mei inkeld in swart shirtsje oan en in griene FC Grins sjaal om ‘e nekke. It minske hie totaal gjiin lêst fan de kjeld, wylst ik myn teannen yn dy dûbele sokken stadichoan ôfstjerren fielde. Nuver net?
Ik ha der ris oer neitocht en ik tink dat ik wit hoe’t it sit. Neffens myn teory kinst minsken krekt as bisten yndiele yn twa typen: waarmbloedige en kâldbloedige minsken. Ik bin sûnder mear in kâldbloedich eksimplaar. Altyd al west ek. Doe’t ik lyts wie koe’k wol janke as it wer woansdei wie. De dei fan it skoalswimmen. Wat hie ik in stjerrende hekel oan dat iiskâlde wetter dêr’t ik dan mei myn lytse bealchje yn hippe moast.
Ik heugje my noch presys al dy traumatyske swimlessen dêr yn De Welle. Nei’t ik der mei tsjinsin yn hipt wie, wist ik net hoe gau ik der oan de oare kant wer út klauterje moast. Mei in klapperjend gebitsje stie ik oan de kant te wachtsjen op de folgjende ynstruksjes fan de swimjuf. Thús siet ik de hiele woansdeitemiddei mei de kont op de kachel om wer wat op temperatuer te kommen.
Ik bin der dus hûndert prosint wis fan dat ik kâldbloedich bin. Mar, no komt it. Kinst dysels traine om waarmbloedich te wurden. Yn elk gefal, dat seit Wim Hof, de Iceman. Wa’t ‘m net kin: Wim Hof is dy man dy’t alderhande wrâldrekôrs op syn namme skriuwt mei saken lykas yn koarte broek de Mount Everest beklimme, op bleate fuotten in heale maraton troch de snie rinne of mear as oardel oere yn in bak mei iisblokjes sitte.
Ik mocht Wim Hof ferline jier ynterviewe oer syn trainingsmetoade. Hy is der nammentlik fan oertsjûge datst kjeld de baas wêze kinst troch dyn geast te trainen. Doe’t ik him opbychte dat ik it altyd kâld hie, krige ik in Spartaanske trainingsynstruksje. Alle kearen foardat ik ûnder de brûs wei stapte, moast ik ferplicht de kraan noch tsien sekonden op iiskâld sette, sei er. De gedachte oan dy kâlde brûs griisde my oan, mar klear, ik bin gjin mietje, dus ik ha it besocht. It wie de earste en fuort ek de lêste kear, want ik krige it post traumatysk stress syndroom, doe’t ik wer oan dy ferskriklike swimlessen tocht.
Werom nei justermiddei. Wylst ik dêr yn Kloosterburen efter dy frou stie te triljen, hearde ik op ‘e nij de wurden fan Wim Hof. Miskien wie dizze frou wol in fanatike folgeling fan syn metoade, en doucht sy dus wol elke dei braaf mei iiskâld wetter. Mar se like my der om earlik te wêzen net echt it type foar.
Yn de auto werom nei Fryslân hearde ik de útslaggen fan it betelle fuotbal. En samar ynienen snapte ik wêr’t dy frou it sa waarm fan krigen hie. Ik hie it witte kinnen. Dat ferrekte FC Grins sjaaltsje."