Aggemabokaal foar frijwilligers Duurzaam Vervoer Sneek

08 feb 2016 - 07:41

Yn Snits is ôfrûne wykein foar de 29e kear de Aggemabokaal útrikt. Dizze kear gie de bokaal nei de frijwilligers fan de Stichting Duurzaam Vervoer Sneek. Dy ride de hiele simmer mei shuttlebuskes troch de binnenstêd fan Snits om tûzenen toeristen fergees en feilich op it goeie plak te bringen.

De Aggemabokaal is in inisjatyf fan Karnavalsferiening De Oeletoeters fan Snits. De wurdearring giet nei in persoan of groep minsken dy't de ôfrûne jierren wat foar de stêd betsjutten hat.

Trefwurden: 
Aggemabokaal Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)