Ferkear rjochting Fryslân stie snein wer fêst op Ofslútdyk

07 feb 2016 - 19:45

Ferkear op de Ofslútdyk hat snein oan 'e ein fan 'e middei in soad lêst hân fan in steuring yn de brêge by Koarnwertersân. Ien fan de slachbomen wie stikken en koe net mear omheech. Der ûntstie in lange file fan 8 kilometer rjochting Fryslân. De steuring is oan it begjin fan de jûn wer oplost, meldt Rykswettersteat op Twitter.

De lêste tiid binne der wol gauris steurings by de brêge fan Koarnwertersân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)