SC Cambuur ferliest mei 2-0 yn en fan Grins

07 feb 2016 - 16:20

SC Cambuur hat sneintemiddei yn de Euroborg mei 2-0 ferlern fan FC Grins. Michael de Leeuw iepene yn de 12e minút de skoare. Grins hie yn de earste helte it bettere spul, mar fergeat de kânsen te fersulverjen. Yn de twadde helte hiene de Ljouwerters wat mear yn te bringen. Cambuur-spits Kevin van Veen wie in pear kear tichtby de lykmakker. Doe't ynfaller Oussama Idrissi yn de 75e minút de 2-0 makke, wie it ferset fan Cambuur brutsen. It is it trettjinde ferlies fan SC Cambuur yn de kompetysje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)