IIswille yn de foarm fan iisskulptueren yn Snits

07 feb 2016 - 15:34

Yn Snits hat it winkeljend publyk snein dochs noch wat iiswille belibje kinnen. En dat wylst de temperatuer reedlik fier boppe nul leit. Under de namme IJSkoud Sneek makken iiskeunstners skulptueren út blokken iis. Dat wie op ferskate plakken yn de binnenstêd. Bern koene sels ek blokken iis bewurkje. Ien en oar is organisearre troch Promotie Sneek om mear minsken op keapsnein nei de binnenstêd te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)