Motor en arkkarke stellen yn Suwâld

07 feb 2016 - 14:38

De plysje siket tsjûgen fan in stellerij yn Suwâld. By in ynbraak oan de Aldemiede hawwe ûnbekenden in motor en in arkkarke meinaam. It giet om in Honda CBR mei kenteken MV-NT-30. Fierders is ek in kastje op tsjillen - fan it merk Facom - mei ark dêryn meinaam. Dat wurdt ek wol in 'gereedschapswagen' neamd. De ynbraak wie yn de nacht fan sneon op snein.

Trefwurden: 
motor stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)