Anne Feddema iepenet nije solo-eksposysje op It Hearrenfean

07 feb 2016 - 11:50

Dichter en byldzjend keunstner Anne Feddema iepenet snein syn nije útstalling 'Eden en daarbuiten'. De eksposysje is te sjen yn galery Melklokaal op It Hearrenfean. It giet om resinte skilderijen en wurken op papier. De iepening is sneintemiddei om fjouwer oere. 

Feddema (1961) skilderet sûnt de jierren '80 . Hy hat ek ferskate Fryske dichtbondels op syn namme te stean. Yn 2009 krige Feddema de heechste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis. Ferskate musea hawwe wurk fan him yn de kolleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)