Fjouwer auto's fernield yn Ljouwerter wyk Camminghabuorren
Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren binne sneontejûn fjouwer auto's fernield. Dy stiene op de Hemanastins. Fandalen hiene stiennen tsjin de auto's oan smiten.
De plysje krige de melding om healwei alven. De fertochten soene op de fyts útnaaid wêze yn de rjochting fan in park. En ien fan harren soe blond hier hawwe. De plysje siket tsjûgen fan de autofernieling, sneontejûn yn Ljouwert.