Fjoerwapen yn fytstas by man dy't op strjitte lei

07 feb 2016 - 10:39

In 44-jierrige man út Ljouwert dy't sneontenacht net goed wurden wie, hat proses-ferbaal krigen foar yllegaal wapenbesit. De man lei op strjitte yn de Boeierstrjitte yn de Fryske haadstêd. Hy wie net oansprekber.

Meiwurkers fan de ambulânse hawwe him nei it sikehûs brocht. Doe't de plysje de fyts fan de man ûndersocht, fûnen se in fjoerwapen.

Trefwurden: 
fjoerwapen plysje Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)