UNIS Flyers wint ek yn Amsterdam

06 feb 2016 - 20:29

UNIS Flyers hat sneontejûn de drege útwedstriid tsjin Amstel Tijgers mei 4-0 wûn. Yn de earste perioade foelen yn Amsterdam gjin goals. Valentijn Bouten sette de Feanster iishockeyers yn de twadde perioade op foarsprong. It fjoerwurk siet yn de lêste perioade. Keeper Sjoerd Idzenga koe de Flyers goal skjinhâlde, Pippo Limnell, Kevin Nijland en Ronald Wurm soargen foar de Feanster skoares.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)