Harkemase Boys pakt romme oerwinning tsjin DOS '37

06 feb 2016 - 16:30

Harkemase Boys, koprinner yn de sneonshaadklasse, pakte sneon yn de ynhelwedstriid in ienfâldige 5-0 oerwinning op DOS '37. Op eigen fjild hiene de Harkiten in stroef begjin. Rolf Dijk iepene de skoare yn de 28e minút en dêrnei gong it hurd. Fjouwer minuten letter soarge topskoarder Robert Stelpstra foar de 2-0. De gasten út Vriezenveen moasten dêrnei mei 10 man fierder nei in reade kaart. Stelpstra profitearre fan de man-mearsituaasje en sette de 3-0 op it boerd.

Nei rêst soargen treffers fan Joram Smits en Arton Musliu foar de einstân.

Troch de winst komt de ploech fan trainer Jan Vlap op 37 punten út 14 wedstriden.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)