Man ferdronken by Westergeast, syktocht stopset

Yn it wetter de Nije Swimmer by Westergeast is sneontemiddei in man ferdronken. De brânwacht waard om twa oere alarmearre troch in foarbygonger dy't in man oan in kruser hingjen seach. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht wie de man letterlik tusken wâl en skip rekke.
Mei dûkteams is dêrnei manmachtich socht. Efkes foar fjouweren waard it lichem fan de man fûn. Hoe't de man yn it wetter rekke is, is net bekend. a't de man is, is ek noch net bekend
Op fersyk fan de brânwacht waard de slûs by Dokkumer Nije Silen sletten, om foar te kommen dat it mooglike slachtoffer troch de streaming fuortdriuwe koe.