Fallyt Javo Tours oernaam troch bedriuw út Assen

Javo Tours
It fallite taksibedriuw Javo Tours út Drachten is oernaam troch Vervoersmanagement Noord-Nederland út Assen. It bedriuw giet fierder as Frysk ferfiersbedriuw ûnder it managemint fan VMNN. Dat jout oan dat it alle ferplichtings trochsette wol. Wat de gefolgen binne foar de wurkgelegenheid, is noch net dúdlik. VMNN wol dat de kommende wiken besjen.
Javo Tours hie finansjele problemen as troch it fallisemint fan Taxi Oenema yn 2014. It bedriuw rekke dêrtroch in soad jild kwyt en kaam der finansjeel net mear boppe-op.