Syktocht nei drinkeling by Westergeast

06 feb 2016 - 14:18

De brânwacht is op dit stuit dwaande mei in syktocht nei in persoan dy't yn it wetter fan de Nije Swimmer by Westergeast rekke is. De brânwacht waard alarmearre troch in tsjûge dy't in persoan oan in boat hingjen seach.

Doe't de brânwacht oankaam, wie der net ien mear. Mei teams wurdt yn en by it wetter socht. De slûs by Dokkumer Nijesilen giet ticht, om foar te kommen dat it mooglike slachtoffer troch de streaming fuortdriuwt.

Trefwurden: 
drinkeling wetter Westergeast
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)