Poppenwiersters meitsje kachelhout fan beammen by doarpshûs

06 feb 2016 - 14:08

Poppenwier is aanst acht populieren earmer en in grut part fan it doarp hat it dêr sneon drok mei. Freed binne sân beammen by it parkearterrein fan doarpshûs De Trilker omkapt en der folget noch ien.

Mei jankende kettingseagen wurde de beammen sneon troch frijwilligers yn stikken seage. De tûken gean de fersnipperer yn. Ynwenners mei houtkachels kinne nei alle gedachten de rest fan de winter waarm bliuwe mei it fergese baarnhout.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)