Kollum: "Lytse bern"

06 feb 2016 - 10:54

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"In pear wike lyn kaam yn de media dat Weststellingwerf yn it hiele weryndielingsferhaal ek wol nocht hie om de alâlde Stellingwerven wer op te tugen. Se woene wol mei Steenwijkerland yn see. Doe hearden we dy Stienwikers al arro en smeulsk sizzen dat se dêr noch nea oer neitocht hiene, en dat se genôch oan de holle hiene om ek noch op Wolvegea te passen. Dat wie wat ôfstanlik, mar it bliek dat de media mar ien bledside út it rapport oan de Weststellingwerfske ried lêzen hiene en dat dêr noch seishûndert oare mooglikheden yn jûn waarden. Dêrmei koene dy riedsleden moai in pear jûnen boartsje, yn stee fan wichtiger dingen te dwaan. Eaststellingwerf hie earst ek wat skrokken om har hinne soen, want ferjit net dat doe’t foar it earst oer weryndieling praat waard yn Fryslân, de beide boargemasters fan de Stellingwerven al seine: Wy wurkje al gear, en dat bliuw we dwaan. Dus East sliepte wer leaf troch. Yn Opsterlân hat net ien yn de gaten dat se meidogge yn dit gedoch. Ik wit sowieso net oft se dêr yn Opsterlân wol wat witte. Ek dêr sil se ûndersyk nei dwaan.

Weststellingwerf boarte dus fan 'e wike. En krekt as by de bern, oan 'e ein fan it boartsjen hiene se spul. Inkeld dit wie yn de PvdA-fraksje, om't in pear reade mannen yn dy ried gol seinen: Ach, dat earme Hearrenfean donderet oeral tusken, De Jouwer wol net dat se meidogge, dat bliuwe se sneu allinnich oer. Ach, dat Hearrenfean mei om ús ek wol mei ús meidwaan. En se setten in kribeltsje op in moasje. No, dat hiene we net ôfpraat, seine in pear oaren yn dy partij. En foardat Hearrenfean der ek noch by komt, moatte wy der yn elk gefal noch oer meihaffelje kinne.

De weryndielingsdiskusje giet dus nea oer it belang dat wy as ynwenners hawwe soene  fan it feit dat der ien grutte gemeente is. Dy’t folle mear kin as in lytsen. En derfoar soarget dat je net as ljip by de grins by Aldeholtpea fan east nei west geane, dat je dan ynienen in oare ljip binne. En dêr soe ik noch 200 foarbylden oan keppelje kinne. Koartsein, wy hawwe lêst fan dat alle gemeenten in ferskillend belied hawwe. Mar dat fine politisy net wichtich. Dy politisy bin troch ús ynhierd om foar ús op te kommen. En no haffelje se oer al of net Hearrenfean. Riedsleden yn Fryslân moatte in kursus kaartlêzen fan hiel Fryslân folgje. En de lju dy’t dan sa graach nei Stienwyk wolle, moatte earst mar ris opsykje wêr’t Hearenfean leit.

Dy weryndielingsdiskusje is hielendal in lytsbernspul. Nim no de âlde en âld-wethâlder Jaap Keizer fan Ljouwerteradiel. Dy wol dat as Ljouwerteradiel aanst by Ljouwert komt, dat dy gruttere gemeente Ljouwert dan de namme Ljouwerteradiel kriget. En Ljouwert hie krekt sein: We wolle net wer sa’n poppekast as mei Boarnsterhim. Dat kostet tiid en jild. Wy skowe Ljouwerteradiel gewoan stikem yn ús gemeente. Dy’t foar it oare ek net de Nije Feanen neamd waard doe’t Grou en Warten derby kamen. En wy binne no dochs ek wolris in kear fan dy dielen ôf. Oanhingsels fan grutte plakken, Frjentsjerteradiel, Dantumadiel en sa. No ja, je hiene ek Hinnaarderadiel en Idaarderadiel, lytse plakjes koene ek it draachflak fan in gemeente wêze. Of moatte we neffens Jaap dan ek mar Snitseradiel en Drachtsteradiel meitsje. Kom no.

It folgjende boartersspultsje wat se dus yn Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Opsterlân en miskien Hearrenfean krije is dus oer de namme. En dêr sitte fansels de lju dy’t Hearrenfean der net by hawwe wolle ek mei. Want oars soe it wurd Stellingwerf miskien bestean bliuwe kinne, east en west wurde ien. En se hawwe yndertiid al sein: Set it gemeentehûs dan mar yn Aldeholtpea. No, Aldeholtpearderadiel is fansels ek neat. Mar ja, se hawwe Opsterlân, benaud foar Smellingerlân der ek yn griemd en je kinne no ek net sizze dat Stellingwerf in Opsterlands Belang is, ek net foar de oare partijen dêr.

En as de PvdA-ers it wer iens wurde en Hearrenfean docht al mei?

De Turfhoeke."

Trefwurden: 
Eelke Lok Kollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)