UNIS Flyers wint mei meunsterskoare fan Dordrecht Lions

05 feb 2016 - 23:10

UNIS Flyers hat freedtejûn yn de BeNe league mei mar leafst 16-0 wûn fan Dordrecht Lions. De meunsterskoare betsjut in seizoenrekôr foar de Feanster iishockeyers. De perioadestannen wiene 4-0, 8-0 en opnij 4-0.

Grutte man oan de kant fan de Flyers wie Ronald Wurm, ek selektearre foar it Nederlânske iishockeyteam. Hy skoarde fjouwer kear. Ek Aldo van Aalderen út de eigen jeugd fan de Flyers hie it op de heupen: de út Skarsterbrêge ôfkomstige iishockeyer skoarde twa kear en waard ferkeazen ta man fan de wedstriid.

De eufory fan it winnen fan de beker en de meunsterskoare kin net te lang duorje, want sneon stiet de wichtige wedstriid út tsjin Amsterdam alwer op it programma.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)