Kazemattemuseum yn Koarnwertersân siket nije frijwilligers

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân hat mar leafst 20 nije frijwilligers nedich. Op dit stuit hat it museum sa'n 60 frijwilligers oan de slach, mar troch de fernijing fan de Ofslútdyk is dat meikoarten net mear genôch. Sa komt der in belibbingssintrum oer de Ofslútdyk sels en wurdt der in fiskmigraasjerivier oanlein.
Beide soargje foar ekstra besikers foar it Kazemattemuseum. Boppedat sil der gearwurke wurde mei dizze nije attraksjes. De hjoeddeiske groep frijwilligers is te lyts om dy ekstra drokte oan te kinnen.