IIshockeyers UNIS Flyers feestlik huldige yn Thialf

05 feb 2016 - 20:21

De iishockeyers en stêf fan de UNIS Flyers binne freedtejûn foarôfgeand oan de thúswedstriid tsjin Dordrecht Lions feestlik huldige. Ofrûne wykein pakten de Flyers de beker. Yn de finale fersloegen de Feansters Geleen mei 4-1. It wie fjirtjin jier lyn dat de Flyers foar it lêst in priis pakten.

De huldiging is op inisjatyf fan de gemeente Hearrenfean. It fûn foarôfgeand oan de kompetysjewedstriid plak, om't de Feansters net te let thús wêze meie. Sneon spylje se nammentlik opnij in wichtige wedstriid, diskear yn en tsjin Amsterdam.

Wol is der freedtejûn nei ôfrin fan de wedstriid noch in feest yn in tinte by Thialf. Dêr kinne fans mei de Flyers-spilers prate en op de foto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)