Japanners fine Hylpen moaiste lytse plak fan Nederlân

05 feb 2016 - 20:08

Hylpen is troch it Japanske toeristebûn JATA útroppen ta ien fan de moaiste lytse plakken fan Europa. De alvestêdestêd is dêrmei it iennichste Nederlânske plak dat yn dy list fan 30 'beautiful small places' foarkomt.

It toeristebûn fynt dat Hylpen moai is foar it reedriden yn de winter en ljochtet út dat Hylpen in eigen taal hat. Oare lytse plakken dy't yn de list foarby komme binne bygelyks Visby yn Sweden, Kilkenny yn Ierlân en it Eastenrykske Lech.

Skilder, meubelmakker en echte Hylper Titus Stallman fynt dat Hylpen it moaiste is om de haven, Hylper klaaiïng en skilderwurk. "Sa as in moslim ien kear in syn libben yn Mekka west hawwe moat, sa moatte Japanners ien kear in harren libben nei Hylpen", seit Stallman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)