Fan (8) nûget reedrider De Vries út foar syn jierdeifeestje

05 feb 2016 - 15:11

In bysûnder kaartsje foar Douwe de Vries en syn kollega-reedriders fan Team LottoNL-Jumbo. "Dit is toch goud. Uitgenodigd voor een kinderfeestje samen met de hele @Jumbolotto_ice ploeg", tweette de reedrider mei in foto fan it kaartsje.

Mathijs (8) nûge him en syn team út foar syn bernefeestje yn Ljouwert. “Je wordt tussen 15.30 en 16.30 thuis gebracht. P.s. Als je schaatsen hebt, neem je die dan mee?”, stie op it kaartsje.

Persoanlik briefke

It jonkje hat der in persoanlik briefke by dien foar syn idoalen, dy't er earder al moete by opnamen fan it berneprogramma Zappsport. "Met Zappsport mocht ik met jullie (schaatsen) praten, dat was ook een feest", skriuwt Mathijs. "Willen jullie ook op mijn feesje komen?"

Trainingskamp

Spitigernôch foar de jonge reedrydfan moat De Vries de útnûging oan him foarby gean litte. "It hie wol hartstikke moai west om te kommen mei in pear fan myn kollega's, mar we binne dan op trainingskamp yn it Dútske Inzell. Dus it wurdt him net", laket er. "Mar ik sil Mathijs grif wol even in berjochtsje stjoere."

De Vries is op dit stuit drok dwaande mei de tariedingen op it WK ôfstannen yn Kolomna, Ruslân. Dêr sil er fan 11 oant en mei 14 febrewaris mei ploechgenoaten Jan Blokhuijsen, Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma ride foar de titel op de ploege-efterfolging. 

Trefwurden: 
reedriden Douwe de Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)