Rjochter: Sluting 'drugsgebou' Menaam wie terjochte

Justysje © Omrop Fryslân
De sluting yn desimber ferline jier fan in bedriuwsgebou oan De Stapel yn Menaam, wie terjochte. Dat hat de rjochter bepaald. De eigener wie it net iens mei de maatregel en makke beswier tsjin de sluting foar in healjier fan syn gebou.
Yn it gebou waarden by in plysje-ûndersyk in grutte partij softdrugs en yllegaal fjoerwurk fûn. Ek waard der in masine oantroffen foar de ferwurking fan softdrugs. De sluting fan it bedriuwsgebou wie basearre op de Opiumwet. De rjochter hat de gemeente no dus gelyk jûn.