Dokter: "Gjin soargen oer Zika-firus yn Fryslân"

De GGD Fryslân fynt dat de media in hype meitsje fan it Zika-firus. Dokter ynfeksjesykten Peter van der Tas fan de GGD seit dat Friezen harren echt gjin soargen hoege te meitsjen oer it firus. "Je moet je voorstellen, op dit moment kun je in Nederland nog niet besmet worden met het virus. Alleen zijn er tal van mensen die speculeren over wat er in de toekomst mogelijk is. Als je je daar zorgen over wil maken, ja, ieder voor zich. Maar dat doe ik niet", sa seit Van der Tas.
Friezen hoege harren pas soargen te meitsjen as der in hiel soad minsken yn Nederlân besmet binne mei it firus, sûnder dat se troch in mich stutsen binne of as se krekt yn Súd-Amearika west ha.
Twa Friezen mei Zika
Tongersdeitejûn waard by de Medische Publieksacademie, in gearkomste yn it MCL, bekend makke dat fan de achttjin minsken yn Nederlân dy't besmet binne mei it firus, der twa út Fryslân komme.