Man falt fan dak by museum

Traumahelikopter © ANP Kippa
By it Nasjonaal Iepenbier Ferfiersmuseum yn Ousterhaule is woansdeitemiddei in man fan it dak fallen. De 69-jierrige Jouster wie op it gebou oan it wurk. Hy waard ynienen dûzelich en foel op in bushokje, in pear meter leger.
De brânwacht hat it slachtoffer mei in heechwurker fan it bushokje ôf helle. De man is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.