Socht: dielnimmers tredde edysje Meet & Eat Ljouwert

05 feb 2016 - 11:49

Foar de tredde edysje fan Meet & Eat foar flechtlingen yn de needopfang yn Ljouwert, is de organisaasje op syk nei gastgesinnen. Op 20 febrewaris kinne de flechtlingen wer ite by Friezen thús. 

Op it stuit wenje der 335 minsken yn de needopfang. In grut part fan har komt út Syrië, oaren komme út Afganistan of Eritreä. 

De foarige edysjes fan Meet & Eat wiene in grut sukses. De flechtlingen en de gastgesinnen wiene entûsjast oer it persoanlike kontakt. Gastgesinnen kinne har opjaan fia de webside fan de stichting Present.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)