Noardwâldster biedt bonken beskerme bisten oan

05 feb 2016 - 09:44

De plysje hat freedtemoarn yn Noardwâlde meardere beskerme bistesoarten yn beslach nommen. Fia in advertinsjeside waarden produkten fan bedrige soarten oanbean. Dêrby wie ûnder oaren in bonkerak fan in brúnfisk.

By plysjeûndersyk yn it hûs fan in 35-jierrige fertochte fûn de plysje ek noch in preparearre skylpod en rêchwervels fan in walfisk. Dy binne allegear yn beslach nommen.

De 35-jierrige fertochte is heard en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De brúnfisk heart by de walfiskeftigen en dy binne wetlik beskerme.

Trefwurden: 
bistebonken Noardwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)