Nederlaach foar basketballers fan Aris tsjin Leiden

04 feb 2016 - 22:03

De basketballers fan Aris ha tongersdeitejûn de útwedstriid tsjin nûmer twa Leiden mei 84-54 ferlern. De ploech út Ljouwert koe yn it begjin fan de wedstriid noch wol aardich meikomme. By it skoft stie it 38-29 foar de basketballers fan Leiden. Yn it tredde en it fjirde kwart waard troch de thúsploech it ferskil makke mei stannen fan 68-45 en de einútslach fan 84-54.

Aris behâldt wol it fiifde plak yn de kompetysje. Op sneon 13 febrewaris spylje de Ljouwerters harren folgjende wedstriid, thús tsjin de basketballers út Amsterdam.

Trefwurden: 
Aris basketbal Leiden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)